Myn maat Jaap Nieuwenhuize wie lid fan it Deistich Bestjoer fan it Landbouwschap (1981-1987), Europeesk sekretaris fan de Union of Foodworkers (1987-1993) en dernei in tsiental jierren hege amtner op it ministearje fan LNV. Hy siet midden yn de lânboudiskusje dy’t al fanôf de jierren tachtich spilet.

Ik haw in soad leard fan it opskriuwen fan syn libbensferhaal. Yn it foarste plak dat de Nederlânske agraryske sektor bestiet by graasje fan ymport fan krachtfoer en de eksport fan har produkten. Wat yn Nederlân achterbliuwt is in oerskot oan dong. VVD-minister Winsemius omskreau it yn 1984 by de yntroduksje fan de ‘interim-wet beperking varkens- en pluimveehouderijen’ sa: ‘Nederland dreigt in mest te verzuipen. Het gaat om 66 miljard ton mest. Dat is globaal uitgerekend op 13.000 voetbalvelden een laag mest van één meter’.

Yn it twadde plak dat de Nederlânske lânboueksport syn krêft siket yn lege prizen. Yn bulkproduksje dy’t oer de hiele wrâld ferkocht wurde kin. Jan Douwe van der Ploeg signalearre hiel betiid dat de Nederlânske boer dêr it slachtoffer fan is: de molkpriis yn Nederlân wie leger as yn Dútsklân en Ytaalje.

Yn it tredde plak dat de agraryske sektor de meast subsidiearre bedriuwssektor is yn Europa. Mear produksje betjutte mear subsydzje. Lânbouminister Braks formulearre it yn 1984 sa: ‘We mogen al blij zijn als we via verwerking in varkensvoer een verder oplopen van de interventievoorraad magere melkpoeder kunnen voorkomen. Hoe men op maatschappelijk verantwoorde wijze botervoorraden moet kwijtraken, is volstrekt onmogelijk. We kunnen zelfs geen totale opruiming houden als we het weggeven aan de Derde Wereld’.

Lânbouorganissasjes fersetten har tsjin in molkkwotum,  mar de fûlste bestrider wie suvelfoarsitter Rinze Zijlstra dy’t oanstie op maksimale produksje foar in maksimale ôfset yn it bûtelân. De lânbouorganisaasjes sochten oplossingen yn nije techniken. De lânboustratezjy bestiet fanôf dy tiid út it ûntkennen en bestriden fan sifers, it oantrunen op nij ûndersyk, it dwaan fan nije foarstellen en it bepleitsjen fan ütsûnderingen op nije regels.

Lykwols: de dongproblematyk waard (foarsichtich) oanpakt, it molkkwotum kaam der. Razende, mâltjirgende boeren reagearren harren of op de súvelarbeiders dy’t yn 1986 opkamen foar har CAO. Mânske trekkers setten yn Ljouwert it ferkear op it krúspunt fan de Vondelingwei stil.

Achterôf foel it ta. Sa min wie de kwotumregeling net. It joech rêst en stabiliteit. Oars as de lânbouorganisaasjes tochten, wie it gjin regeling foar fjouwer jier. It waard tritich jier.

Twa kear liket it derop dat der in oplossing foar it dongprobleem komme soe. Yn 1993 fûn it Landbouwschap dat der yn it jier 2000 ‘evenwichtsbemesting’ foar fosfaat en nitraat komme moast. Der waarden dikke rapporten skreaun  en yn 1995 wie de konklùzje dat der ‘nog onvoldoende inzicht aanwezig is om op dat moment eindverliesnormen voor het jaar 2000 op te stellen’. Lykwols koe der in ein yn de goede rjochting wurke wurde; men moast dat útgean fan ferliesnoarmen fan 20 kg/ha fosfaat en 150 kg/ha stikstof.  De lânbou skrille derfoar tebek;  minister fan lânbou Van Aartsen kaam net fierder as 30 kg/ha fosfaat. De echte oplossing waard trochskood nei it jier 2010.

Jaap Frouws, auteur fan de stúdzje Mest en Macht (1994), húne de útkomsten. ‘De eerste wetgeving dateert van 1984, volgens de huidige plannen wordt eerst in 2008 evenwichtsbemesting bereikt. Dat betekent dat de politiek 24 jaar nodig heeft om een belachelijk probleem op te lossen, namelijk te dumpen van mest in plaats van het normaal toedienen van mest’. Frouws wiisde op de effekten foar it drinkwetter en op de lânboupraktyk yn Denemarken. It tal fee dat boeren dêr holden wie keppele oan grûn.

De twadde kear wie doe’t mei ynstmming fan de LTO yn 2016 in SER-adfys útkaam, it rapport Versnelling Duurzame Veehouderij. De lege prizen op de wrâldmerke en de ‘forse milieudruk’ nûgen út om de duorsume feehâlderij fuort te sterken. It mist de lânboupolityk oan ‘regie, doorzettingsmacht en passende financiële stimulansen’, en dat moast neffens it rapport oars. Dizze trochbraak is troch Rutte en Buma oan kant skood.

En doe kaam de rjochter. Wêr’t de polityk it sitte liet, hat de Raad van State in streep lutsen. Boeren breinroer, mar neffens my giet it net sasear om de begrinzing fan natoergebieten – dat hawwe wy earder by de ein hân yn begelyks it ROM-projekt Súdeast Fryslân – mar wie dit it lêste setsje om der tsjinoan te gean. It kwotum wie opromme, boeren tochten dat se einliks mear fee hâlde koene, mar achter de opromme kwota dûkten de rigels foar fosfaat op. En ûnderbesetting fan nij boude stâlen. Fansels binne jo dan lulk.

De lânboulobby yn brede sin hat sukses hân by it ôfhâlden fan maatregels. Lânbouministers witte dat it oars moat. CDA-minister Veerman hie it oer in ‘duurzame landbouw’, CU-minister Schouten sprekt fan in ‘circulaire landbouw’. De boeren binne derby finzene fan de eksportbelangen fan súvel- en fleisyndustry, de ymporteurs fan krachtvoer en lieningen fan de RABO-bank. It wurdt tiid dat de boeren har befrije fan dit jok.

Bertus Mulder