Hûndert jier lyn, op 2 maart 1916, kaam Anne Adams Vondeling te wrâld yn Appelskea, yn de Súdeasthoeke fan de provinsje Fryslân. Fan hûs út wied er frijsinnich-demokraat. Vondeling wie, mei ûnderbrekings, Keamerlid foar de PvdA fan 1946 oan en mei 1979, doe’t er de oerstap makke nei it Europeeske parlemint. Hy kaam om it libben by in autoûngelok yn Mechelen.

Vondeling wie  lânboukundich ingenieur, lânbouspesjalist fan de PvdA-fraksje en as opfolger fan Mansholt minister fan lânbou yn it fjirde kabinet-Drees (1958). Hij hearde ta de groep fan âld-ministers dy’t Jaap Burger it fraksjefoarsitterskip fan de PvdA ûntstriden, hy folge Burger op en waard fise-premier en minister fan finansjes yn it mar koart besteande kabinet Cals-Vondeling (1965-1966). Hij wie  partijfoarsitter fan de PvdA en jierrenlang foarsitter fan de Twadde Keamer. Vondeling wie in man dy’t opgie yn syn funksjes. Feroaring fan funksje levere in oare Vondeling op. As opposysjelieder wie Vondeling yn de wurden fan Ed van Thijn briljant, as minister fan finansjes regentesk.[1] Drees hie bewûndering foar syn fearkrêft, syn fermogen om politike tsjinslaggen te boppe te kommen en priizge him as snjiddich, ien dy’t it moai sizze koe, boppedat ien dy’t goed bekend wie mei minsken, ferhâldings en politike fraachstikken.[2] Foar syn belied as polityk lieder fan de PvdA ferantwurde er him yn Nasmaak en Voorproef (1968). Dêryn fersette er him tsjin de taeigening fan it Nederlânske ierdgas troch de NAM (yn it haadstik ‘Nemen, N.A.M, genomen’), wied er tsjin de ferkeap fan grûn yn de Iselmarpolders en pleite er foar in spekulaasjewinstbelêsting. In geweldich aktueel tema! Wêr kamen dizze opfettings wei?

Ferfeanerssoan 
Vondeling wie soan fan trije generaasjes ferfeaners.[3] Syn tinken woartele yn de jierren tritich fan de tweintichste ieu, de jierren fan de ekonomyske krisis.[4] Dy krisis hied er yn syn wenplak Appelskea  fan tichteby meimakke. Mar dy hold dêr mear yn. Der wie ek, fanôf de jierren tachtich fan de 19e ieu, in permanente krisis yn de feanterij.

Yn 1845 wie syn oerpake Adam Vondeling troch it Laweijs-kontrakt te ûnderskriuwen, opnommen yn de klasse fan de ferfeaners. Arbeidstiden en arbeidsleanen fan de feanarbeiders waarden dêryn twingend fêstlein. Ferfeaners mochten gjin feanarbeiders fan in oare feanbaas oernimme sûnder skriftlike tastimming fan de eardere feanbaas. Se koene allinnich oerstappe as se gjin skuld hiene die heger wie as fl. 35 by de winkel fan de âlde feanbaas. Twongen winkelnering rûn sa út op ‘skuldslavernij’.[5] Njonken de winkels wiene ek de kafé’s yn hannen fan de feanbazen; yn Appelskea hiene se 15 fan de 17 fergunnings. De feanbazen wiene in machtige lokale politike faktor; se droegen soarch foar de bou fan in nije Herfoarme Tsjerke yn Appelskea, en twongen de ferhûzing ôf fan it gemeentebestjoer fan Makkingea nei Easterwâlde – se betellen de nijbou fan it gemeentehûs dêre ‘buiten bezwaar van de gemeentekas’.

Ferhâldings yn it fean  
De eigners fan it fean, leden fan de famylje Lycklama à Nijeholt, hiene har feriene yn de ‘Gezamenlijke Compagnons der Opsterlandsche en Ooststellingwerfsche Veenen en Vaarten’. De Compagnons fertsjinnen jild troch neat net te prestearen. Se wennen foar it grut part net yn Fryslân en as se dat wol diene, wennen se net tusken de feanarbeiders, mar yn moaie doarpen as Aldeberkeap, Beetstersweach en Oranjewâld. Rintenier Tinco Martinus Lyclama à Nijeholt makke jierrenlange reizen yn de Oriënt, residearre mear as  tritich jiear yn it Frânske kustplak Cannes en lei mei syn keunstoankeapen de basis foar it stêdsmuseum dêre.

De directe ferkeap fan fean smiet de famylje tusken 1798 en 1908 fl. 1,8 miljoen gûne op. Mar dat wie net alles. De feaneigners leine  belêstings op oer it transport fan turf (de honds- of ‘uitvaartgelden’), se inden toljild, skutsjild en brêgejild en ferhierden de slûzen. En as it fean ôffierd wie, bleau de ûndergrûn oer  – potensjele lânbougrûn. As dy ferkocht wie, betellen de nije eigners noch wer  ‘grondgelden’, foar de ôfwettering fan har grûn. Winliken leine de feaneigners private belêstings op.

Oant 1880 naam de feanproduksje yn Appelskea geweldich ta, dernei fermindere de foarrie oan te snijen feangrûn. Stoomboaten makken it transport oer grutte ôfstannn fan stienkoal mooglik. Der ûntstie druk op ‘e priis fan turf en dermei op de leanen. Dat rûn op 22 maart 1888, twa dagen nei de ferkiezing fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis ta Keamerlid foar it neistlizzende kiesdistrikt Skoatterlân, út op in troch sosjalisten stipe feanarbeidersstaking. Ferfeaners rekken yn folle panyk. Se woene ‘have en goed aan het lot overlaten, om althans het leven te redden’.[6] Yn in brief oan de Fryske Kommissaris des Konings schreau Wytze Alles van der Sluis, de grutste ferfeaner, dat der in ‘sterke macht’ nedich wie om de stakers ûnder de tomme te hâlden. De Kommissaris stjoerde in  detachement ynfanterie fan tritich man en seis ryksfjildwachters.  Mar troch oan de easken temjitte te kommen kaam der al op 26 maart in ein oan de staking. Sosjalisten fierden in oerwinning – Appelskea waard it sintrum fan in anarchistysk kleure sosjalisme yn Súdeast Fryslân. De ferfeaners waarden in beknypte klasse, tusken feaneigners en feanarbeiders yn. De famylje fan Anne Vondeling luts dêr konklúzjes út: se waarden op allerhanne wize maatskiplik aktyf, yn it ferieningslibben, yn lanboukoöperaasjes en ek op polityk mêd.

In permanente krisis
De sosjale striid wie nei de staking fan 1888 net oer. Yn 1888/89 en 1889/1890 waard der staakt yn de wurkferschaffing, de feanarbeiderstaking fan 1890 gie ferlern, en der fûn yn 1893 in hongeroproer plak; trije feanarbeiders waarden derby oppakt. Yn it  ‘hongerproces van Appelscha’ naam de jonge advokaat Piter Jelles Troelstra de ferdigening op him, mar alle trije waarden se feroardiele ta fyftjin moannen de bak yn ‘wegens afpersing’, om ‘bedreiging van een misdaad tegen het leven’ en fanwegen ‘opruiïng’.[7]  Ek dernei waard der fakernôch staakt.[8] Mar in soad perspektyf op better wie der net. De priis fan de turf stie bliuwend ûnder druk. De grutte ferfeaners ferlieten Appelskea. Fanôf 1880 oant de Twadde Wrâldoarloch is der yn Appelskea sprake fan in  permanente krisissituaasje.[9] Migraasje bea útkomst; de fean- en lânarbeider Wiebe Koopstra, myn oerpake, yn 1890 sekretaris fan de ôfdieling Aldeberkeap-Noordwolde fan de syndikalistyske Bond van Land- en Veenarbeiders, socht it wurk fierderop. Hy wurke in skoft as turfgraver yn Klazienaveen, mar socht dernei it heil yn it  Dútske Essen, dêr’t er yn 1899 melkknecht waard. Yn 1914 kaam de famylje werom nei Nijeberkeap.

De krimp yn de feanproduksje waard yn de jonge jierren fan Anne Vondeling sichtber yn de delgong fan it tal turfskippen dat oer de Opsterlânske Kompagnonsfeart fear. It tal skippen dat Easterwâlde foarbykaam, sakke fan 6.159 yn 1922 nei 1.952 yn 1937.[10] Yn 1922 waard der op ‘e nij staakt yn de wurkferschaffing – it lanlik regear hie in leansferleging oankundige. Sa’n 150 arbeiders lutsen op 1 febrewaris op nei it gemeentehûs yn Easterwâlde en op de weromwei smieten se by Anne’s pake de rúten yn  – de man hie  masines ynskeakele om djippere feanlagen oan te snijen. De jonge Anne Vondeling is dan noch mar fjouwer jier. Mar de sosjale ûnrêst bliuwt, de driging fan opstân hinget permanent yn de loft. Sawol yn 1925 as yn 1932 (Anne is dan fyftjin, hast sechtjin) kûndigt de boargemaster de ‘kleine staat van beleg’ ôf. It gie derby om dat net mear as trije persoanen gearkomme mochten, minsken gjin knuppels of wapens by har hawwe mochten en der waard in jûnsklok ynsteld.[11]

Stadichoan waarden de Vondelings in foaroansteande ferfeanersfamylje.[12] Syn pake Anne Vondeling hie yntiids de politike beakens fersetten; hy die net mei oan twongen winkelnearng, wie aktyf wurden yn de wrâld fan de lânboukoöperaasjes. Dat gau noch folle mear foar syn heit Adam, dy’t op in bepaald stuit 28 bestjoersfunksjes ferfolle. [13] Beide waarden lid fan Provinsjale Steaten, Adam waard vise-foarsitter fan de Friese Maatschappij van Landbouw. Mar se bliuwe ek ferfeaners. Tegearre bestjoerden se it Laweijs-kontrakt; fan 1927 oant 1933 wie pake Anne foarsitter fan it Laweijs-kontrakt en heit Adam sekretaris.[14] Under de leden wiene no feanarbeiders dy’t sels ferfeaner wurden wiene.[15] Anne brocht de konvokaasjes rûn foar in priis krekt ûnder dy fan de PTT.

Appelskea
Anne Vondeling gong op skoalle yn it bisûndere doarp Appelskea, in doarp mei in soad ienkeammerwennings, in doarp dêr’t Domela in heech oansjen stie, dêr’t anargisten tsjinstweigerers waarden, in doarp wêr’t in soad minsken, nettsjinsteande de opkomstplicht, net stimden, dêr’t protesten klonken tsjin de feroardeling fan Sacco en Vanzetti ta de elektryske stoel (1927), in doarp wêr’t anti-militêristyske sprekkers as Jo de Haas en Bart de Ligt in oandachtich gehoar fûnen.[16] Under ynfloed fan de krisis fan de jierren tritich makke in part fan de befolking in beweging nei de CPN. Yn ién kiesdistrikt fan Appelskea hellen de kommunisten yn 1933 36,1% fan de stimmen.

Nei de ULO yn Easterwâlde en de HBS yn Assen koe Anne Vondeling mei finansjele help fan syn pake yn 1934 nei de  lânbouhegeskoalle yn Wageningen. Syn heit hie it jild net – de krisis trof ek him.[17] Anne rjochtte him net op lânboukundige saken, mar op agraryske bedriuwsfiering. Hy lei de klam op de bysûndere eigenskippen fan grûn. Grûn ommers wie ‘onvernietigbaar, onvermeerderbaar en onverplaatsbaar’.[18] Grûn foel dermei bûten de normative liberale opfetting dat produksjefaktoaren foar alles fleksibel wêze moatte soene.

Yn de 19e ieu lei Appelskea temidden fan in einleaze flakte heechfean, ‘woeste gronden’,’ harde, zandige heide’ en ‘zandduinen’. Dy grûn no waard oanmakke. De ûntginnings-maatschippij ‘De Drie Provinciën’ hie yn Appelskea, De Fochtel en Elsloo de ferantwurdlikheid foar 1260 bunder grûn.[19] Domeinen naam it behear yn 1937 oer. Staatsbosbeheer rjochte de Boskwachterij Appelscha op. De Compagnons leinen by in temin oan opbringst foar frijkommen feangrûn de Compagnonsbossen[20] oan, wylst se foar in oar part buorkerijen ynrjochtten. De Provinsje  hie yn 1828 de ferfeaners ferplichte ta in ôfdracht per deiwurk turf oan de Reservekas, en ek dy hie jild yn grûn stutsen. En fierder wiene der de lân- en feanarbeiders dy’t sels lytse stikjes grûn oanmakken, om sa te kommen ta lytse lânbouwbedriuwen dêr’t net of amper in behoarlik bestean op te winnen wie. Sa drong him yn Appelskea hast fanselssprekkend de fraach op wat in ‘doelbewuste en redelijke’ bedriuwsfiering yn de lânbou wêze soe, it tema fan Vondelings proefskrift út 1948.[21] Particulier besit fan grûn foarme foar him in barrière foar rasjoneel lânboubehear. Anne Vondeling pleitte al yn 1947 foar sosjale sanearing fan de bedriuwstak[22], wat letter fia de Stichting Ontwikkeling- en Saneringsfonds voor de Landbouw (1964) realisearre waard. It foarbyld yn positive sin wie it beleid fan Domeinen: sûnder besit fan grûn koe in betûfte agrariër op hierbasis de grutste ierdappelboer fan Appelskea wurde.[23] De ferkeap fan de Iselmargrûnen, sa fûn Vondeling dêrom, soe de dynamyk út de lânbou helje. Vondeling woe dat der ûnder lieding fan de Lânbouhegeskoalle fan Wageningen proeven dien waarden mei bedriuwstypen, bedriuwsgrutte en bedriuwsorganisaasjes. Hij pleitte foar proefbuorkerijen, dy’t falle moasten ûnder ien ‘grut iepenbier  lânbouwbedriuw’ fan 18.000 bunder.

Frijsinnich
Anne Vondeling waard yn 1936 lid fan de lanlike kampkommisje fan de Vrijzinnig-Democratische Jongeren Organisatie VDJO en publisearre fan 1937 oant desimber 1939 yn it húsorgaan Jongeren en Democratie. De VDJO wie in idealistyske klub. ‘Wij willen werken voor onze idealen, zij zullen in de strijd ons stalen’, sa klonk it yn it klublied Houdt Koers, dat fierder formulearre: ‘Blijve dan eeuwig ‘t verlangen in ons levend, naar een beet’re maatschappij. Aan een ieder g’lijke kansen gevend, waarin voor de klassenstrijd geen plaats meer zij’.[24]

De takomst wie somber yn de jierren tritich. Colijn fierde in rigide besúnigingspolityk, liet wurkleazen alle dagen stimpelje en hold  krampeftich fêst oan de gouden standaard. De frijsinnige minister Oud stipe Colijn dêryn. Vondeling wie oer de ekonomyske krisis úterst helder en opfallend aktueel: ‘Het economisch liberalisme […] is in onze ogen een overwonnen standpunt. Het ‘ieder voor zich’en ‘verrijk U’ om zodoende tot  maximale welvaart te komen, lijkt een drogbeeld, veraf, een onrechtvaardig, onesthetisch conservatisme. Met de dag wordt de afstand groter die ons scheidt van het Nederlandse liberalisme’.[25] Hy fersmiet besunigingspolityk om de krisis oan te pakken: ‘De opvattingen van Oud […] waren volkomen ouderwets, fantasieloos en steriel. Op en top Colijniaans. Aanpassen was het parool, de politiek van het sluitende huishoudboekje van de Staat. […] Op het uiterst rationele, verstandige Plan van de Arbeid, dat in 1935 door SDAP en NVV in ons midden werd neergelegd, hadden de leidende vrijzinnig-democraten helemaal geen antwoord. […] Geen wonder dat ook wij jongeren in en na de oorlog geen boodschap meer aan Oud hadden, om de doodeenvoudige reden dat hij ons niets te vertellen had’.[26]

De mentale ôfstân nei de SDAP wie foar Vondeling nei alle gedachten net sa grut. Yn maart 1938 hold er foar de Fryske studinten yn Wageningen in ynlieding ‘Oer libben en wirk fan Piter Jelles’, ôfsletten mei it út folle boarst sjongen fan in liet fan Troelstra. Yn it blêd fan de VDJO sette hy de grutte agitator en revolúsjonêr Domela Nieuwenhuis tsjinoer Troelstra as ‘de man van de evolutie en de volksbeweging’.[27]  It alternatyf foar it ekonomysk liberalisme socht er yn ‘oardering’. Der moast in oardere sosjaal-ekonomysk bestel tastânkomme en derta socht er oanslúting by de pauslike ensykliken wêryn pleite wurdt foar korporatisme: ‘Deze ideeën over een nieuwe maatschappelijke orde zijn ook voor niet-katholieken aanvaardbaar’.[28] It kin raar rinne. Ien fan de earste dieden fan it kabinet Rutte-Asscher wie it opromjen fan de mooglikheid fan oardering op bedriuwstaksnivo. Fuort mei oardering fia de publykrjochtelike bedriuwsorganisaasjes. Yndie, oardering past net yn in liberale besúnigingspolityk.

Parasitisme
De macht fan de feaneigners wie in bysûnder foarbyld fan wat yn de Engelske Fabian-essays omskreaun wurdt as parasitisme.[29] Nei de Earste Wrâldoarloch ferwurde de Engelske ekonomysk historikus Tawney in The Acquisitive Society inselde stânpunt yn wat oare wurden. Tawney, dy lid west hie fan de Sankey-kommisje dy’t de  Engelske koalenyndustry ûndersocht, omskreau it besit fan de Engelske myneigners as ‘passyf eigendom’. It besit levere gjin bydrage oan de produksje, wie funksjeleas en ferlear dermei syn rjochtmjittigens. En sa as earder feodale tolrjochten ôfskaft wiene, soe soks ek barre moatte mei de ‘private taxes’ dy’t it passive eigendom de mienskip oplei.

De erfarings mei it parasitêre, passeve karakter fan it feaneigendom makke dat Anne Vondeling, skerper en fierdersjend as in soad yn de PvdA-fraksje, bot rjochte wie op de betsjutting fan de ûntdekking fan in nije enerzjyboarne, it ierdgas ûnder Slochteren (1959). Ynkomsten út boaiumskatten hearre ta te kommen oan de mienskip, skreau hy ûnder ferwizing mei punt 29 fan it beginselprogram fan de PvdA fan 1959. Hy bûn de striid oan mei de NAM (eigendom fan Shell en Standard Oil) oer de omfang fan de gasfoarried.[30] Dy wie altiten folle grutter as de NAM foarkomme liet. Vondeling murk op dat sûnder oerheidsbemoeienis miljarden winst nei bûtenlanske oandielhâlders fuortfloeie soe. Hij pleite foar steatseksploitaasje fan it Grinslânske ierdgas. It ûntstean fan de Euromarkt makke dat de mooglikheden foar in eigen Nederlânsk-nasjonaal belied net mear mooglik wie, ek net yn de enerzjysektor. De iennige wize om Nederlân niet út te leverjen oan de macht fan net-kontrolearre ynternsjonale grutmachten wie – krekt as yn Itaalje en Frankryk – de oprjochting fan in nije Steatsûndernemming yn de enerzjysektor. Mar rjochts woe dêr net oan. ‘Ik vind dat volstrekt onaanvaardbaar. Zo‘n prijs moet ons volk betalen voor een dogmatische opvatting van een regering, die tegen een gemeenschaps-, tegen een gesocialiseerd bedrijf was en is’.[31] Hy miende dat men dêr yn Nederlân noch wolris spyt fan krije soe. In úterst nijsgjirrige opmerking as wy sjogge nei it hjoeddeistige geklungel en getoulûk oer de effekten fan de boaiumdaling yn Grinslân.

Wat yn Nederlân net koe, diene de Noaren mei it yn 1972 oprjochte steatsoaljebedriuw STATOIL. De opbringsten dêrfan lekke net wei nei bûtenlanske oandielhâlders; alle opbringsten fan oalje- en gaswinning wurde belein yn in steatsynfestearringsfûns en fan de opbringsten wurdt alle jierren 3,2% útkeard oan it Noardse regear. In moaie buffer foar swiere tiden.

Bertus Mulder

[1] Petear mei Ed van Thijn, 10 febrewaris 2000 te Amsterdam.

[2] Dr. Willem Drees sr. oer Dr. Anne Vondeling, in: George Verkuil, Naderbij, Centri Press. 1976, Bussum, sûnder blêdsidenûmers.

[3] Vondeling wiist yn Nasmaak en Voorproef op de ‘geringe lengte’ fan syn  stambeam,  p. 36.

[4] Lennart Booy en Erik van Bruggen, Anne Vondeling, ‘doortrapt optimist’, 1916-1979, Amsterdam, 1997.

[5] Dr. J.R.G. Schuur, Appelscha. Bolwerk van anarchisme en radicaal socialisme, Oosterwolde, 1996, p. 10.

[6] Schuur, p. 16.

[7] Fgl. Socialisten in soorten, een brochure van Mr. P.J. Troelstra uit 1893, heruitgegeven en toegelicht door J.J. Kalma en G. Nijssen, Leeuwarden, 1977.

[8] Schuur, p. 25.

[9] Schuur, p. 39.

[10] Dr. T.H. Oosterwijk, Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen, 2e druk, p. 27.

[11] Schuur, p. 243.

[12] Wiebe Rinks, Het nieuwe veenkoloniale Appelscha in de 19e eeuw, De Zoolstede, 2005-3, p. 4.

[13] Ynterview mei Anne Vondeling foar Radio Fryslân troch Marten van Kammen en Klaas Wielinga, 1978. Fgl. Dr. R. Cuperus, Een veelzijdig coöperator ging heen, It Bolwurk, 3 december 1973.

[14] Untliend oan de notulen fan it Laweijs-kontrakt, d.d. 15 april 2015 yn partikulier besit fan de hear Jaap Kootstra te Appelscha. Jaap Kootstra libbe fan 1 septimber 1927 oant 9 oktober 2016.

[15] Wiebe Rinks, Het nieuwe veenkoloniale Appelscha in de 19e eeuw, De Zoolstede, 2005-3, p. 4.

[16] Anne Vondeling hat by de feestwike fanwege it 150-jierrich bestean fan it  feankoloniale Appelscha op 4 juni 1977 in weromblik jûn op syn jeugdjierren.

[17] Balans, winst- en verliesrekening van de Coöp Centrale Landbouwhuishouding met bijlagen voor de heer A. Vondeling, 1933/1934, in partikulier besit fan dochter Ysk Vondeling

[18] Anne Vondeling, Platteland- Stad, in: Jongeren en Democratie, mei 1937, p. 1.

[19] Ir. P.A. van der Sluis, Cultuurtechnische ontwikkelingen in de Friese Wouden na 1918, Drachten, 1963, p. 29/30.

[20] Dy ferkochten se yn 1958 oan it fersekeringskoncern R.V.S., Friese Koerier, 13 septimber 1958.

[21] Dr. A. Vondeling, De bedrijfsvergelijking in de landbouw, Acad. Proefschrift, Wageningen, 1948, p. 1.

[22] Verslag van de spreekbeurt van Vondeling in Appelscha, De Nieuwe Ooststellingwerver, 24 december 1947. Letter waard dizze tematyk ûnder  foarsitterschip fan Anne Vondeling útwurke yn it WBS-rapport Welvaart voor de Wouden (1953), p. 10 e.f.

[23] Sa die my biken út it ferhaal fan de yntusken ferstoarne, doe 95-jierrige âld-Appelskaster Hinke Tjassing, petear op 14 april 2015. Hinke Tjassing libbe fan 20 juni 1920 oant 9 maaie 2016. Jouke de Vries, Grondpolitiek en kabinetscrisis, ‘s Gravenhage 1989, miende dat de PvdA mei de gûnpolityk him better rjochtsje kinnen hie op it foarkeursrjocht fan gemeenten by de oankeap fan grûn; Vondeling hie ek each foar de hege lêsten fan nijkommelingen yn de lânbouwrâld.

[24] M.T. Braams-Beversluis, Vrijzinnig-Democratische Jongeren Organisatie 1923-1946, Utrecht, 1944, p. 14.

[25] Anne Vondeling, Naar een nieuwe orde, Jongeren en Democratie, december 1939, vgl. Vonhoff, p. 82.

[26] Meine Henk Klijnsma, Om de democratie. De geschiedenis van de Vrijzinnig-Democratische Bond 1901-1946, p. 673, ûnder ferwizing nei A. Vondeling, De vrijzinnig-democraten van 1936 en ’66, yn: De Democraat, december 1978.

[27] Anne Vondeling, Kort Verslag van de Gewestelijke Bijeenkomst in het ‘Swellenêst’ te Hemrik, Jongeren en Democratie, april 1937.

[28] Anne Vondeling, Naar een nieuwe orde, Jongeren en Democratie, december 1939.

[29] Socialisme (Fabian essays in socialism), Amsterdam, 1891, oersetten troch  F.M. Wibaut, p. 41.

[30] De offisjele prognoaze wie dat der ûnder Slochteren 1100 miljard m3 gas oanwêzich wie; Vondeling ferklearre yn 1963 dat it op syn minst 2.000 miljard m3 was. De NAM neamde dat in slach yn de loft. In jier letter fierde hy de de prognoaze fan de reserves op nei 4.000 miljard m3, mar tocht dat in gasfoarrie fan 6.600 miljard m3 wierskynliker wie. Minister Andriesen bestride dizze sifers, mar kundige ûndersyk troch de Geologische Dienst aan. Dy kaam yn 1965 ta in  oanpaste prognoaze fan 1647 miljard m3.

[31] Vondeling, Nasmaak en voorproef, p. 61.