Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert stiet it byld dat Hildo Krop makke fan Piter Jelles Troelstra.  It wie op 6 oktober 1962 dat Veronika Bay, pakesizzer fan Piter Jelles, it byld ûntbleate yn bywêzigens fan ûnder oaren syn frou Sjoukje Troelstra-Oosterbaan, syn soan Jelle Troelstra, âld-minister president Drees, André Kloos fan it NVV en âld-minister Suurhoff foar de lanlike PvdA. Yn de oankundiging stie dat Jelle Troelstra it byld ûntbleatsje soe. Mar hy liet dy eare oan him foarbygean.

Dat Jelle Troelstra it net dwaan woe, seit wat oer it byld. Fakernôch beneamde Pieter de Groot it byld as ‘karrider’, dit yn neifolging fan wat de Ljouwerter sjoernalist Keikes deroer skreau. De ‘lêste karrider’, om’t de boades en karriders in skoft dernei it Aldehoustertsjerkhôf net mear brûkten as boadeterrein.

Yndie is it brûnzen byld fan Piter Jelles net wat jo ferwachtsje fan in byld fan de ferneamde Fryske dichter, foardrager en polityk strider, dy’t it folk foargie yn de striid foar algemien kiesrjocht. It is in dimmen, wat foaroerbûgd mantsje dat mei it fingerke wiist. Albert Reitsma neamde it yn It kleine Krantsje fan 30 juny 1983 in ‘introverte Troelstra’. Mar wie Troelstra’s kwaliteit no krekt net dat er ekspressyf, besielend, begeasterjend wie?  Hoe koe dit sa barre?

Betinking
It begjin moatte wy sykje yn de fyftiger jierren as der neitocht wurdt oer de betinking fan de 100ste bertedei fan Piter Jelles yn april 1960. Dan al spilet it idee fan in stânbyld. It waard ek wol tiid. Yn 1933 wie der al in byld fan de ‘kop’ fan Piter Jelles kommen yn Stiens, yn 1950 kaam der in mânsk stânbyld yn Den Haach en yn 1953 waard Utert oan dat listke taheakke. Koe Piter Jelles syn berteplak achterbliuwe? En hie men dan net de kâns om in moaier, better byld fan Piter Jelles del te setten as it skrale byld fan Utert en it proastige byld yn it Westbroekpark yn Den Haach?

Yn De Harmonie wurdt hûndert jier nei syn berte, op 20 april 1960, in Piter Jelles-deklamatorium holden oer ‘De sjonger fan Rispinge’. Der is in lanlik eare-komité, mei grutte nammen as dr. Willem Drees (foarsitter), de teoloog Willem Banning, de taalkundige Jelle Brouwer,  de folkerjuchtjurist  jhr. mr. W.J.M. van Eysinga, pater Halvert Hettema fan Ljouwert, âld-premier prof. dr. Pieter S. Gerbrandy, âld-minister ir. Hein Vos fan De Tynje, Johan Winkler en de út Ljouwert ôfkomstige ekonoom dr. A Winsemius.  It Fryske wurkkomité waard foarsitten troch  Jacob Klok, boargemaster fan it Bildt, mei dr. W.Kok fan de Fryske Akademy as vise-foarsitter en as sekretaris de sjoernalist J.P. Wiersma, yn 1949 redakteur fan de tredde printinge fan Rispinge. Fierder treffe wy der nammen as Sjoerd Leiker, de âld-wethâlder fan Ljouwert J.K. Dijkstra, Jan Piebenga, Keimpe Sikkema en Anne Vondeling.  Wiersma hie de tekst skreaun foar it deklamatorium, dat útfierd waard mei sang fan it Grouwster Gemengd Koor en de Ljouwerter Bachvereniging, wylst de muzyk kaam fan it Frysk orkest ûnder lieding fan Alfred Salten.

It wurkkomité fûn dat dit fjirde stânbyld de figuer en it nivo fan Troelstra rjucht dwaan moast. It hie dêrom keazen foar Hildo Krop en net foar in Fryske keunstner, ek om’t Krop Troelstra goed kend hie. Krop hie Troelstra as sprekker meimakke en hie fan 1908 oant 1918 lid west fan de SDAP. Yn it programmaboekje fan dy jûn fine wy de oprop by te dragen oan it byld. ‘Friezen, achtsje  jimme it in treflike saak, foar ús dichter Piter Jelles yn syn berteplak Ljouwert in stânbyld – dat makke wurdt troch de keunstner Hildo Krop – te stiftsjen? Wês dan sa goed en stoart ta dat doel in jefte op giro 811542 fan de Coöp. Suvelbank te Ljouwert, te’n gunste fan it Piter Jelles-komité.’ Op de feestjûn wie alfêst de makette te sjen fan dat stânbyld. De Ljouwerter Krante printe in byld ôf mei in Piter Jelles dy’t, mei de rêch rjucht en de holle heech, breedút syn rjochterearm heft. It bylket.

Mar dan bart der wat frjemds. Byldhouwer Hildo Krop kriget besite fan in Switserske kollega, lit him it ûntwerp sjen en dy ropt út dat it byld in doomny foarsteld. ‘Nee’, ropt Krop ferheard, ‘het is een dichter, een strijder, een staatsman’. Syn kollega fûn dat it echt in doomny wie, ien dy’t de segen útsprekt. Krop wie der oerstjoer fan, lei de hiele nacht wekker yn syn bêd om te draaien en skille de oare moarns om fiif oere sekretaris S.K. Wiersma. ‘Ik heb de hele nacht met Troelstra geworsteld’, sa liet er witte, ‘ik maak het beeld niet’. Dat is it ferhaal sa’t Reitsma dat letter ferteld. Yn de Ljouwerter Krante fan 21 april 1961 is it gjin doomny, mar is it in skoalmaster: ‘Overal in zijn atelier staan Troelstra’tjes. Daar onder die tafel staat er een met zijn vinger vermanend opgeheven – “was dat een schoolmeester”, vroeg een Zwitserse vriend en toen die dat gezegd had, had het ontwerp voor Hildo Krop afgedaan. Niet omdat hij iets tegen schoolmeesters heeft, maar omdat Troelstra geen schoolmeester was.’  It byld dat Krop yn Ljouwert presintearre, is fan de baan. ‘Krop wilde over het eerste conept niet meer praten. Zo zijn kunstenaars. Met gemengde gevoelens stemde wij toe’, sjocht Reitsma tebek.

Nij ontwerp

No wie der al in soad jild foar it byld fan Krop by elkoar sútele. Der hiene spesjale lanlike aksjes west om mei Troelstra-segels de begrutting rûn te krijen. Fjouwer aparte slútsegels fan de hân fan ûntwerper S.L. Harz. Moast it oerjûn wurde? It Fryske wurkkomité tsjocht op nei Krop yn Amsterdam, om te praten hoe’t  it fierder moast.

Hie oant dan ta in lytse kommisje, besteande út foarsitter Klok, J.K. Dykstra en J.P. Wiersma oer it ûntwerp te set west, yn in brief fan Wiersma fan 13 novimber 1961 wurdt de hiele Fryske wurkkommisje frege om mei te gean nei it adres fan Krop oan de Amstel 57 om dêre te kiezen ‘uit meerdere modellen’. Se hawwe in ôfspraak op 22 novimber. De kommisjeleden Jan Piebenga, Jan Brouwer en Keimpe Sikkema sille mei. Boppedat wurdt Jelle Troelstra dêrfoar útnûge. Dy lit lykwols op 15 novimber 1961 witte dat er fanwege in oare ôfspraak der net by wêze kin.

Krop makket yndie ‘meerdere modellen’. De Ljouwerter Krante jout dat yn in reportaazje op 21 april 1962 sa oan: ‘Daar op de grond  staan er twee: één Troelstra met brede benen als van een grondwerker en één, die met zijn vinger in de verte wijst – wel suggestief, maar Troelstra niet. En daar op een sokkel-in-verhouding een wat peinzende Troelstra, de rechter wijsvinger ietwat opgeheven alsof hij op het punt staat priemend uit te schieten ten ondersteuning van de woorden, waarover de ‘dichter, strijder, staatsman’ nu nog schijnt te staan na te denken.’

Nei muoisume besprekkings wurdt besletten Hildo Krop in nije opdracht te jaan, skriuwt Albert Reitsma, dan penningmeester fan it Komité. En men giet úteinliks akkoart mei it tredde ûntwerp fan de ‘peinzende Troelstra’. Krop woe gjin doomny, gjin skoalmaster, mar in Troelstra dy  ‘alles in zich heeft en waarmee uiteindelijk iedereen zich zal kunnen verenigen, of hij nu Troelstra alleen als politikus wil zien of juist helemaal niet als politikus en alleen maar als zanger van het Friese lied’, skriuwt de sjoernalist fan de Ljouwerter Krante yn syn reportaazje. By de ûntbleating op 6 oktober 1962 seit foarsitter Jacob Klok neffens de Friese Koerier dat Krop mei ‘zich met zoveel liefde voor de persoon van Troelstra van zijn taak gekweten heeft. Hij geeft Pieter Jelles hier weer als de man die op het punt staat een nieuwe stap vooruit te doen, voorwaarts naar een nieuwe tijd’.

Klok wist dat it byld net wie wat it wurkkomité foar eagen stie. Hy makke der it bêste fan. Albert Reitsma gie as lid fan it wurkkomitee mei nei it atelier fan Krop oan de Plantage Muidergracht 105, strúnde er dêr om en ‘zag de vorige maquette en dacht: dát is ‘m. Zó ken ik Troelstra uit zijn gedenkschriften, hoe hij de mensen toesprak’.

Jelle Troelstra hold him stil. As Veronika Bay yn 1997 it byld fan Sjoukje Bokma de Boer yn Nes ûntbleatet, fertelt se oan Tineke Steenmeijer dat se it in hiele eare fûn sawol it byld fan har pake as fan har beppe ûnthulle te meien. Dy docht derfan ferslach yn it blêd fan it FLMD, Op ‘e hichte, fan desimber 1997.  ‘Entre nous’, heakke Veronika Bay der oan ta, ‘dat se by it Troelstra-monumint de ‘offisjele‘ taak oernommen hie fan har omke Jelle Troelstra, dy’t de skepping fan Krop net moai fûn en óf mei de beleefdheid óf mei syn artistike gewisse yn konflikt komme soe as er dêr net by de plechtigheid wat oer sizze moast.’

Artistyk beswier?

Hat Krop it Fryske komité te fiter hân? Wie it yndie de artistike krityk fan de fierder anonime Switserske kollega dy’t him weromhold fan syn earste ûntwerp? Of wie it de politike wjerstân en wrevelmoed oer de sosjaal-demokraat Troelstra? De sosjaal-demokrasy wie troch de kommunisten weisetten as ‘kleinburgerlijke, nationalistische, reformistische en sociaal-patriottische verraders’, om de termen te brûken fan de Nederlânske dichteres Henriëtte Roland holst, healwei 1918. Soe it wurkkomité foar Krop keazen hawwe as se witten hiene dat de stêdsbyldhouwer sûnt 1918 yn it genyp supporter wie fan de Sovjet-Uny en behelle yn it kommunistyske spionaazjenetwerk fan Ignace Reiss, lyk as Igor Cornelissen yn De GPOe op de Overtoom (1989) omskriuwt? Syn frou wurdt omskreaun as in ‘gelovige met dweepzieke trekken’. Miskien wie sy de driuwende krêft om it earste ûntwerp om sjippe te helpen.

Bertus Mulder