Trump stiet foar ymperialistyske machtspolityk. Mar nij is dat net. Balkenende hie it oer in ûntbrekkende VOC-mentaliteit. De VOC wie ien grutte moardmasine dy’t minsken ta slaven makke en se twong produkten te leverjen dy’t hjir jild opbrochten. It is lykwols Engelân dat mei technologyske superioriteit en militêre macht yn de 19e iuw de wrâld nei syn hân set. Kontrole oer Ierlân, Súd-Afrika, Gibraltar, Cyprus, Egypte en India. Kontrole – mei Frankryk – oer it Suezkanaal. It Ottomaanse ryk iepenlein foar de eksport fan Engelske produkten. Ruslân fernedere yn de Krimoarloch, China mei help fan oare Europese lannen degradearre ta in filiaal fan de Imperial Chinese Maritime Customs Service.

Lannen dy’t har nasjonale belangen skeind seagen, fersettten har. De Amerikaansk-Dútske ekonoom Friedrich List learde dat lannen de oerhearsking fan de Britten wjerstân biede koene troch se techologysk te ferslaan. By frijhannel koene se dan de konkurrinsje oan. De striid tusken de Engelsen en de Dútskers rûn út op de Earste Wrâldoarloch, mei Japan en Amerika as grutte winners.
By de fredesûnderhannelingen fan Versailles wolle de VS dat Europeeske lannen har koloanjes opjouwe, om sa iepen te stean foar it nije, opkommende Amerikaanse kapitaal. Dat slagget yn 1919 net, mar wol nei de Twadde Wrâldoarloch. Ek al wie it kredo fan rjochts Nederlân ‘Indie verloren , rampspoed geboren’, de VS twongen Nederlân Indië los te litten.

De nije oardering fan de wrâld nei 1945 hjit in tiid fan rêst en foarútgong te wêzen. It mar krekt wêr’t jo wenje. De Amerikanen meitsje oare lannen ekonomysk ôfhinklik fan it Westen. Se stride tsjin kommunisme en it ekonomysk nasjonalisme fan opkommende naasjes. Se soargen foar it ûnderútheljen fan de regearing Allende fan Chili. De CIA docht soks troch politike beynfloeding, it stypjen fan ‘demokratyske opposysjes’, ekonomyske sanksjes, en wer nedich militêr yngripen. Nei de ymploasje fan de Sovjet-Uny like de Westerse supremasy definityf. Sjina waard yn 2001 talitten ta de Wereld Handelsorganisatie WTO, nei’t se har bekenden ta in kapitalisme. The end of history, ferkundige de Amerikaanske histoarikus Fukuyama.

It leit justjes oars. De Sjinezen hawwe leard fan List, fan de oarloggen dy’t Dútslân net wûn en it faillyt fan it Russysk kommunisme. Se setten yn op technologyske ynnovaasje, binne koprinner yn duorsume ûntwikkeling en beskikke wrâldwiid oer de measte patenten. It is út earmoede dat Trump grypt op it lêste machtsmiddel dat it ymperialistyske VS oerbleaun is – militêre macht fan in lân dat tsjin alles yn fêsthâldt oan kontrole oer fossile oalje.

Bertus Mulder