Kneppelfreed wurdt sjoen as in brekpunt yn de emansipaasje fan it Frysk. De Slach op it Saailân makke dat der plak kaam foar it Frysk yn it ûnderwiis en de rjochtspraak. Mei Fedde Schurer yn it front fan de striid.
Der wurdt mar in bytsje by stilstien dat it ek sjoen wurde kin as útkomst fan in striid dy’t al folle earder oangien wie. En dat hat djippe woartels. Woartels dy’t weromrikke oant 1848.
1848 is it jier dat Nederlân in nije Grûnwet kriget. Nederlân waard dermei in ‘eenheidsstaat’. Thorbecke makke in ein oan de foarrjochten fan de adel, oan it automatisme dat de Lycklama à Nijeholts, De Beauforts, de Van Haersma’s en de Van Harinxma’s thoe Slooten it hjir foar it sizzen hiene. De lêsten koene har politike bestean als Kommisaris van Fryslân rekke oant 1945.
Tagelyk is 1848 it jier fan it Kommunistysk Manifest fan Marx en Engels. De boargerij dy’t amper de macht hie, waard konfrontearre mei in nije tsjinstanner, in opkommende arbeidersbeweging. Dy stelde noch neat foar. Mar de boargerij soe nea net samar genietsje kinne fan syn nije macht. De ‘sociale quaestie’ soe it twadde part fan de 19e iuw de toan sette. Dat komt yn 1891 manifest nei foaren. Yn dat jier organisiseaare de Twadde Ynternasjonale ien maaie demonstraasjes yn Uepopeeske haadst^den en yn Ljouwert, formulearre de anti-revolusjonêre strider Abraham Kyper op it Christelijk Sociaal Congres syn ‘achitectonische’ krityk op it kapitalisme en brocht de Roomsk-Katholike Tsjerk in nije Ensyklyk út, Rerum Novarum, ‘fan de nije tiden’.
1848 is ek it jier dat yn Fryslân it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse oprjochte waard, in Selskip net fan hege hearen, mar fan gewoane minsken, mei in grut tal skoalmasters op de earste rige. Dy kamen op foar romte foar it Frysk, de taal fan it folk. Soe der yn de ‘Nederlandse eenheidsstaat’ romte wêze kinne foar it Frysk? Foarearst is dat net wat it Selskip yn de besnijing hâldt – it giet der foaral om dat Friezen har eigen taal wurdearje soene. Dichters, skriuwers en foardragers geane deryn foar.
Yn de persoan fan Piter Jelles Troelstra komme dan twa bewegings by elkoar; de Fryske dichter, foardrager en toanielspiler Piter Jelles waard as mr. P.J. Troelstra yn 1894 de foaroanman fan de SDAP. Hy kaam op foar it folk, foar it algemien kiesrjocht én ek foar de folkstaal. Hy hie in skalk each op skoalmasters dy’t de Fryske bern de Fryske taal ûntnaderen, hy kaam op foar kulturele autonomie foar taalminderheden en makke him drok foar in heechlearaar Frysk as basis foar in learplan Frysk yn it ûnderwiis. It Frysk moast út de hoeke fan minderweardigheid, it moast ôf fan it stigma fan achterlikheid.
Troelstra jout yn syn Tinkskriften oan dat er syn hope foar it Frysk stelt op in nije politike organisaasje fan Frysksinnige leden van de SDAP, it Sosiael-Demokratysk Frysk Ferbân. Yn it SDFF komme wy nammen tsjin as Pieter Hiemstra, de foarsitter van de fakorganisaasje fan súvel- en lânarbeiders, Jelle Brouwer, foarsitter fan de Fryske AJC, letter heechlearaar Frysk, toanielspiler Barend van der Veen en ek de keamerleden ds. A. van der Heide, Harmen de Boer en Wybe van der Sluis. Yn 1931 kaam de Fryske SDAP yn it rapport De SDAP en it Frysk mei it pleit foar Frysk yn it ûnderwiis, fakultatyf, ûnder skoaltiid. Yn 1937 waard yn de lannelike ûnderwiiswet opnommen dat it Frysk as ‘streektaal in levend gebruik’ yn it learplan opnommen wurde koe. Dat hie effekt; yn 1939 waard Fryske les jûn yn 109 fan de 538 legere skoallen yn Fryslân.
Fansels wie der ferset. Hollânske dominees as J.A. Bruins (Stiens) en D. Bakker (Drachten) fûnen dat der gjin reden wie it Frysk romte te jaan; it Grinzer Keamerlid Schaper miende dat it Frysk yn it museum hearde. Zijn wij niet allen Nederlanders?
De Twadde Wrâldoarloch wie fan grutte mentale betsjutting foar it plak fan it Frysk. Men hie net safolle op mei de Dútskers. De radio’s moasten ynlevere wurde. Elkenien wie no op himsels oanwiisd. Party Hollanders dúkten yn Fryslân ûnder en foelen minder op as se in Frysk machtich wiene. In soad Friezen wiene warber mei mei wat har net ûntnommen wurde koe: de eigen tal. It tal dielnimmers oan taalkursussen fleach omheech.
En nei de oarloch kaam de Trochbraak. De Partij van de Arbeid wie in fúzje fan SDAP, Vrijzinnig Democratische Bond, Christen Democratische Unie en in tal oare groepen. Troch de simmerkampen fan it SDFF wiene der al foar de oarloch kontakten lein mei minsken bûten de SDAP. No kamen minsken oer as Anne Vondeling (VDB), Fedde Schurer (CDU) en Jan Piebenga (CHU). Vondeling wie foarsitter van Je Maintiendrai Friesland, útjouwer fan de Heerenveense Koerier en de Leeuwarder Courant. Jan Piebenga waard haadredakteur fan de Ljouwerter, Fedde Schurer fan de Friese Koerier.
En dy nije PvdA kaam op 10 juni 1951, in pear moannen foar Kneppelfreed, mei in rapport oer it Frysk. De kearn derfan wie: ‘grutter foech fan it provinsjaal bewâld, benammen op it stik fan kultuer, de beskikking oer rommer jildmiddels foar it provinsjaal bewâld, opnimming fan it Frysk as ferplichte learfak op alle soarten fan skoallen yn it Fryske taalgebiet, lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân, ek yn it iepenbiere libben’. As der al ferskil fan miening oer west hawwe soe, dat wie der yn it gewest fan de PvdA yn maaie 1952 neat fan te fernimmen. It program waard mei algemiene stimmen oernommen.
It Frysk wie yntusken op wjerstân stjitten fan it officium, de rjochterlike macht yn Fryslân, hoeders fan de ‘eenheidsstaat’, mei as ienheidstaal it Hollânsk, en har eigen status. It wie begûn yn Aldeboarn, dêr’t molktapers preses krigen omt se sutelen mei ‘molke’en ‘sûpe’. Dat waard ferbean; neffens de Warenwet wie it ‘melk’ en ‘karnemelk’. Dat wie in 1948. Yn 1951 kaam der in feedokter foar it gerjocht dy’t allinnich mar Frysk prate woe. De rjochter woe him net ferstean. En doe’t Fedde Schurer dêr skande fan spruts, moast dy ek foar it buordsje. Yn Ljouwert. En dat waard in konfrontaasje; kneppels waarden lutsen, de brânspuit waard op de taskôgers setten en Fedde Schurer waard dernei yn hiel Nederlân útnoege syn ferhaal te dwaan. En de lanlike Partij van de Arbeid stelde begjin 1952 in ‘commissie Friese Vraagstuk’ yn. It rapport fan dy kommisje waard 13 july 1952 besprutsen yn it Deistich Bestjoer fan de lanlike PvdA. Dy brocht it mei it each op de ferkiezings ek nei bûten. It is in koart program, dat útgiet fan ‘het opnemen van het Fries als voertaal bij het onderwijs voor de kleuters, het opnemen van het Fries als voertaal bij het onderwijs in de eerste jaren der lagere school, het opnemen van het Fries als leervak in alle typen van scholen, gelijkberechtiging van het Fries en het Nederlands ook in het openbare leven en het toelaten van het Fries in het rechtsverkeer en erkenning van dat Fries in het verkeer des rechts door het opnemen van de Friese formule van de eed’. Sa brocht Kneppelfreed nei boppe wat al lang ûnderweis wie.
Bertus Mulder