Dêr kaam de Earnst yn syn donkere klean II

Piter Jelles Troelstra keas foar in Frysk houlik. ‘Gezien de plaats, die het Fries in mijn leven zou innemen, was opzettelijke doelstelling nodig,’ docht er te witten. Fokje Frânses Pasma foldie oan dat Fryske profyl. Sy is nei alle gedachten it tsjep jongfrommis mei wa’t er yn 1882 nei it admiraalsilen fan Snits nei De Jouwer farde. Se ferskûlen har achter har parasol ‘om daar ons samenzijn een meer intiem karakter te geven’. Hy koe har yn de simmer fan 1882 dus al goed. Op de ôfslutende side 278 fan it earste diel fan syn Tinkskriften, Wording, ferwiist er foar de trochwurking fan Fokje op syn ‘dichterlijk gemoed’ nei de siden 104-107 fan Rispinge. Yn de earste printinge (1909) binne dat de fersen Rein, Ierde en Himel, Foarjier, Dou naemste myn romer, De silveren mar, In Ingel en It wier.... Dizze fersen, opnommen yn It jonge Fryslân, binne skreaun yn it tiidrek 1880-1882.


Volledige verhaal in de bijlage.