It momentum net fersitte

Yn kringen leit it libben om ús hinne:
It húsgesin, it heitelân, de wrâld,
‘t Bedriuw, de klasse dêr’t men jin by hâldt,
Dêr lizz’de grûnen dêr’t wy op aardzje kinne,
De loft, wêryn ús geast nei’t grutte tynt,
De wei nei’t ivige fynt.

Ik haw de earste trije sinnen fan dit part fan it gedicht Ofskie (1909) brûkt foar de haadstikyndieling fan De jonge Piter Jelles. Op syk nei de minske achter de dichter en de politikus. Op syk nei syn politike filosofy. Wittend dat er krekt yn syn fersen it meast fan syn innerlik libben bleatjoech. Ek as it gie om de wrâld en de klasse jout er yn syn fersen oan wêr’t er stiet.

Hy is fan de foarútgong. Tsjinoer Jan Wageningen thoe Dekema seit er: ‘ús paad fiert ús nei boppen’. Tsjinoer Lútsen Wagenaar hâldt er út dat foarútgong net te kearen is ... ‘de skiednisse fan alle folken en tiden bewiist, dat it paad fan it minskdom de wei nei it ljocht is’. Nei de takomst, as ivige wet fan de natuer. ‘Wat der barre mei – dy wet sil ferfold worde’. De opgong is tagelyk de delgong fan it besteande; ‘wat fêststie, lange lange jierren, falt no, fermôge tsjin de grûn’, skriuwt er in In nije Tiid.

Sa komt er op ‘de oude bekende waarheid dat de evolutie, waar zij op het punt gekomen is, dat het nieuw gewordene bezig is het oude te overvleugelen, tot revolutie, tot omwenteling van het bestaande overslaat’. Yn in searje artikels yn de liberale Friesche Courant fan 1887 jout er oan dat der tiden binne dat ‘de onrechtvaardigheid lijkt ingedut’, mar dat it samar oars kin: ‘Dan breekt echter, vaak plotseling, de stroom der rechtvaardigheid los, de Augiusstal wordt gereinigd [...] Datgene, wat eigenlijk verkeerd en onrechtvaardig is, moet vergaan’.

Wannear’t soks plakfine sil, is min te sizzen. De sosjaal-demokrasy moat yntusken alles opromje wat evolúsje yn de wei stiet. As de tiden ryp binne, moat it proletariaat ree wêze de macht oer te nimmen. Sa moat de sosjaal-demokrasy him net ferrivelje litte troch de frede nei de Earste Wrâldoarloch. ‘Het mag dit niet – op straffe van in een groot historisch moment, beneden zijn taak en daardoor het ogenblik verzuimd te hebben.’ Piter Jelles is konsistent yn syn opfettings oer maatskiplike feroarings, oft er no liberaal wie of sosjaal-demokraat. Dat miste ik yn de lêzing fan Piet Hagen op 13 maart yn Tresoar oer de ‘revolutie van Pieter Jelles Troelstra’ Bertus Mulder