It smelle paad nei fernijbere enerzjy

 Ald-kollega fan it CDA Jan Ploeg wol in referendum oer wynmûnen. It is de safolste kear dat Jan Ploeg in stok yn de speaken fan it Fryske wynmûnebelied stekt. Hy sette al yn 1999 deputearre Siem Jansen de poat dwers. Yn it nije kolleezjeprogram dat jier gie it CDA akkoart mei ferfangende klusters op yndustryterreien, mar de nije fraksjefoarsitter Jan Ploeg stapte der fuortdaliks achterwei. Fjouwer jier letter, yn 2003, ferklearre Jan Ploeg it provinsjale plan Windstreek 2000 oannommen te hawwen om solitêre mûnen op te romjen. Eigenliks moast er der neat fan hawwe. ‘Wat schieten we op met windenergie’, frege er him ôf. Hy tocht dat ‘windenergie de langste tijd wel heeft gehad’. En no moat er al wer fanwegen komme. It komt him dus raar oer’t mad dat de diskusje oer wynenerzjy oanhâldt as storein. Je snappe der neat fan. Idioaten, dêr op it Provinsjehûs. Jildfergriemerij. En it lânskip skansearre.

Der binne mear dy’t har ôffreegje wêrom’t it allegear moat. Dan ûntstean ek maklik praatjes fan dat “Den Haach” it de Provinsje opleit. It is noch slimmer, net allinnich Den Haach fynt dat der wat ‘dien’ wurde moat, dat wurdt wrâldwiid nei foaren brocht. Okkerdeis noch troch de foaroanman fan de Feriene Naasjes, Ban Ki Moon. De tiid fan praten is foarby, sa seid er. Der is dus in needsaak, in driuwend ferlet, in hurde eask oan in minskdom einlik it enerzjyfraachstik oan te pakken. As wy rentmaster wêze wolle fan dizze ierde, moat der wat barre en fluch ek. Wy sjogge de klimaatferoaring om ús hinne. Moai dat it yn oktober noch simmerske temperatueren jout, no. Mar hoe wie it ek alwer mei wetteroerlêst yn 2011 yn Delfland? En oersteamings by de Elbe en yn London? Smog yn Parys, sadat it iepenbier trije dagen fergees makke waard? Mei heftige orkanen yn Amerika dy’t elkoar hieltyd flugger opfolgje?

Oerstreamings yn de Fillippijnen, Bangladesh en Kenia? En dat is noch mar it begjin. De dampkring is fersadige mei koaldioxide en wy ferstoke hieltyd mear fossile brânstoffen. As de temperatuer op ierde mei trochsneed fjouwer graden omheech giet, is it foargoed mis, sa berekkene in ynstânsje dy’t jo seker net fan linkse sympatyën beskuldigje kinnne: de Wereldbank. Stek de kop mar yn it sân! Ploeg wie yn 2003 dan ek wol sa snoad om te wizen op oare boarnen fan duorsume enerzjy. Sinne-enerzjy, biomassa, ierdwaarmte? Krekt oft der wat te kiezen wêze soe. We steane oan de ein fan it tiidrek fan ‘massaal gebruik van fossiele brandstoffen bij de energieopwekking’, konkludearre heechlearaar miljeukunde Egbert Tellegen okkerdeis. Nije techniken fan winning fan oalje en gas smite sawol finansjeel as ekologysk grutte problemen op. Neist in mondiale ekonomyske krisis is der in mondiale miljeukrisis.

Der stiet in geweldige boete op útstel by de reduksje fan koaldioxide yn de atmosfear, ‘hoe langer we wachten, des te meer stapelt het zich op en hoe ingrijpende de maatregelen die we moeten nemen om de risico’s op catastrofale opwarming te verkleinen’, sa sitearret Naomi Klein de klimaatwittenskipper Michael Mann yn har boek No Time. Der binne twa mooglikheden. Of wy kieze foar de ‘brede weg’ en grieme moai troch yn it spoar fan de oaljemaatskippijen en stienkoalprodusinten, ferstoke fossile brânstoffen sûnder euvelmoed, ûnttakelje de ierde fierder en litte it oer ús hinne komme. Of wy kieze foar it smelle paad, dy fan oergong op fernijbere enerzjy. It is de sinne dy’t waarmte jout en de winen waaie lit. Wynmûnen binne ûnderdiel fan it palet oan mooglikheden om sinneskyn om te setten yn fernijbere enerzjy. Foarearst binne dy allegear nedich. Bertus Mulder LC – 22-11-2014