It Frysk moat ûnder de knop wei

(Leeuwarder Courant, 1-2-2014) Der is in nije taalwet. It Frysk mei brûkt wurde. Oerheden yn Fryslân kinne net langer sizze dat se it Frysk net ferstean of lêze kinne. De oerheden hawwe harsels derta ferplichte. Dat is op himsels gjin nijs. Dat wie al langer sa, mar no stiet it nochris kreas yn ien wet op in rychje. Is nei myn betinken net genôch. Yn de nije taalwet mist bygelyks it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. Wat der op dat mêd regele, hâldt net oer. Skoalleynspeksjes sjitte slim tekoart. Mar sels as soe dat wol regele wêze, is it net genôch. Dan sil it Frysk noch altiten in efterstân ha as it giet om wurdearring fan talen, njonken it Nederlânsk en it Ingelsk. It Frysk hat in te min oan status. It docht der te min ta, jo hawwe der maatskiplik net safolle oan. Jo kinne miskien wol sûnder.

Arguminten der tsjinoer binne fansels dat meartaligen makliker mear talen leare. Ek, dat it harsenskraabjen troch mear talen te learen minsken op lettere leeftyd skerper hâldt. Belangrykste argumint is fansels dat yn in meartalich fermidden it sosjaal is meartalich te wezen; jo hearre der dy, jo dogge mei, jo binne gjin bûtensteander. Alle krewearjen foar it Frysk hat oant no ta opsmiten dat de provinsjenamme ‘Fryslân’ wurden is, dat de wetternammen Frysktalich binne, dat strjitten, doarpen en gemeenten Fryske nammen hawwe. Dat is in stik publike erkenning fan it belang fan it Frysk. Mar ek, dat it gewoan wurden is dat minsken Frysktalige berte- en rouadvertinsjes yn de krante sette.. Grêfstiennen binne mear as ea yn it Frysk. Der wurdt omraak yn it Frysk toanielspile. Der binne party Fryske sjongers. Mar it is net genôch. In goed plak foar it Frysk is in eask fan folksrjocht, fan demokrasy, sei Piter Jelles.

It is moai dat nei 200 jier Koninkrijk der Nederlanden der einliks in taalwet is. Mar dyselde oerheden hawwe it Frysk yn dy twahûndert 200 skoudere, fertutearzje litten. Sil it no oars? It Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen – Nederlân hat dat ûnderskreaun - hat it oer it oanfiterjen en oanpuonnen troch de oerheid fan dy minderheidstalen. Dan is it net genôch dat it Ryk jild jout foar Tryater en de Fryske Akademy en bydraacht om Omrop Fryslân yn de loft te hâlden. En it wurdt foaral tiid dat de Fryske oerheden dúdliker stelling nimme. Fernimme litte dat se it Frysk in serieus plak ta ha wolle. Dat se dêr rekken mei hâlde wolle as it giet om beneamingen. Dat is net langer foarkomme kin dat it haad foarljochting fan de provinsje Fryslân gjin Frysk praat, om’t syn baas dat ek net kin. Oerheden moatte sjen litte dat se it Frysk foar tinken nimme. En dêr is net iens sa’n geweldige yngreep foar nedich. As wy hjoed de dei oerheden nedich hawwe, begjinne wy mei it rieplachtsjen fan de websides.

Bygelyks dy fan de Provinsje Fryslân. Jo komme, as jo neat dogge, op in Nederlânsktalige website. As jo it yn it Frysk ha wolle, kin dat: jo moatte dan it Fryske ikoantsje oanklikke. Earste dan komme jo it Frysk tsjin. Dan pas. En dus jout dy webside de “âlde” ferhâldingen wer: earst it Nederlânsk, en dan pas, op ôfstân, it Frysk. Foar it Frysk moat ekstra wurk foar dien wurde. Dat is gjin oanfiterjen, dat is in rem. Of nim de webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum. Ek dêr net in standert- iepening yn it Frysk, mei de mooglikheid op it Nederlânsk of it Ingelsk oer te gean. De standert ynstelling is: it Frysk sit ûnder de knop. Der is gelokkich ien grutte útsûndering: de webside fan Omrop Fryslân! As oerheden sjen litte wolle dat se it Frysk oanfiterje wolle, hoege se mar in lyts bytsje te dwaan. Op de webside moatte jo yn it earste oankommen op in Fryske side telâne komme. Dan bylket it hiel oars. It Frysk op it earste plak. As kompensaasje foar twahûndert jier efterstelling! Kostet dat gjin jild, sil der oppere wurde? Nee. De stikken binne al meartalich. Der hoecht gjin ekstra jild foar útlutsen te wurden. En fansels steane op de websides ikoantsjes foar oare talen. Der wurdt nimmen útsletten. Der moat wat barre! En dat kin ek. It Frysk ûnder de knop wei, blinder. Bertus Mulder