Beswieren tsjin molens te maklik

Prof. Dr. Pieter Lukkes is in man dy’t fan gjin ophâlden wit. As it my net mist, wied er tweintich jier lyn ek al warber yn de striid tjin wynmolens. No ek wer, yn de LC fan 15 july. Der doocht hielendal neat fan. Fuort dermei. Folksferlakkerij! Ik fyn it allegear te maklik. Lukkes beskôget it fraachstik fan de wynenerzjy as in lokaal of provinsjaal fraachstik. En dat is der fansels fier by troch. De enerzjefoarsjenning is in ynternasjonale saak, mei alle gefolgen dy’t derby hearre. It wie fansels oars. Fanâlds wie it sa dat wy yn Fryslân it fean stutsen en ferkochten oan Amsterdammers. Heal Fryslân is leechhelle, en it lânskip fan Opsterlân, Skoatterlân, Smellingerlân en de Stellingwerven is der foar altyd troch feroare.

Doe koene wy de enerzjy noch sa fan de boaium skeppe. Goed dat de Provinsje in heffing lei op ôfgroeven turf; mei dat jild koene der letter polders oanlein wurde dy’t fansels wol bemeald wurde moasten. Dat wie doe noch mei wynmolens. Der hawwe yn dizze Provinsje hûnderten molens stien; op it wetter út te smiten, beammen te seagjen, en rogge te meallen. Der binne der noch sa’n 150 fan oer. Derby stie de technyk net stil; de Amerikaanse wynmotor hat yndertiid in tal houten mûnen verkrongen en dat levere – sjoch de útstalling yn iy Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld – kommintaar op dat it gjin gesicht wie, dy hege, rare en keale dingen. It skeinde it lânskip. No docht de Stichting Waterschapserfgoed syn bêst om de lêste, grutte Amerikaanse wynmotoren yn eare te hâlden.

Doe’t de turf fergroeven wie, moasten wy djipper dolle. Nederlân oer op stienkoal. Yn Limburch wiene partikuliere mijnen, mar de grutste mynbedriuwen wiene dy fan de oerheid: de Staatsmijnen. Dy levere de swarte branje, stienkoal en briketten. It Limburchske lânskip feroare, kompels moasten hieltyd fierder de grûn yn en noch hieltyd hawwe de lêste mynwerkers lêst fan stoflongen. Mei de opkomst fan it ierdgas kaam der samar in ein oan. Mar der wie oalje nedich om de ekonomy geande te hâlden. Oalje dy’t noch djipper út de grûn helle wurde moast. Oalje wie beskikber yn Nederlandsch Indië, dêr’t Nederlân syn macht mei militêre middels trochsette. De Koninklijke Nederlandsche Petroleum Maatschappij, letter de Shell, wie de grutste exploitant, mei in link nei de Haachske polityk yn de persoan fan Hendrik Colijn. Colijn wie militêr, de adjunkt van generaal Van Heutz, de man fan de Atjeh-oorloch.

Yn in striid fan tsien jier foelen der fan Yndyske kant 22.000 deaden, fan de kant fan it Nederlânske leger 500 militêren, foaral ôfkomstich fan Java, Madoera en de Molukken. Adjudant Hendrik Colijn skreau dat ‘strijd gevoerd moest worden om de rust en vrede te verkrijgen die men voor opbouwend werk nodig had’. Dat is de hâlding dy’t it Westen ynnommen hat yn de striid om it besit en de kontrôle oer gas en oalje. It is hjoeddedei de VS dy’t foarop giet by it feilich stellen fan de Westerske oaljebelangen, yn Irak, Libië, Iran of Soedan. Yn Perzië woe de demokratysk keazen regearing fan Mossedeq de oaljebelangen brûke foar it eigen lân. Wat as de Amerikaanske CIA Mossadeq yn 1953 net ûnderùt helle hie? As Perzië in selstannige ekonomyske ûntjouwing tastien wie? Hie de radikalisearring fan de Islam dan in grûnslach fûn? It giet by oalje hieltyd om de private, sa nedich troch geweld ôftwongen taeigening fan nasjonale boaiumskatten troch Westerske maatskippijen. En dat ropt hieltyd mear ferset op, ek yn foarmen dy’t ús miskien net noaskje.

De hiele ekonomy is stadichoan ôfhinklik fan oalje. Sûnder oalje gjin transport, gjin gemyske yndustry, gjin lânbou dy’t it hieltyd mear ha moat fan grutte masines en bestridingsmiddelen. Enerzjyfoarsjenning is in saak fan de earste oarder en de takomst stiet faai. De fossile boaiumskatten komt in ein oan. Wat krapper dy wurde, wat fûler de striid wurde sil. Wat grutter ek de miljeurisiko’s. It liket in kwestje fan óf mear oarloch, óf alle war dwaan om net-fossile enerzjy de ûntwikkeljen. Dat lêste kin troch enerzjybesparring én troch oare enerzjeboarnen te ûnwikkeljen. De sinne is de primêre boarne dy’t de opperflakte fan de ierde ferwaarmet en winen waaie lit. Dêr kin folle mear mei dien wurde as no bart. De sinnepanelen op ús dak leverje safolle stroom dat wy op jierbasis oerhâlde. Mar as de sinne ûndergiet, is der gjin stroom. Gelokkich waait de wyn dan wol. It is de mix dy’t ús minder ôfhinklik meitsje moat fan rôfbou op fossile brânstoffen. Mar dat past net yn it eachweid fan Prof. Dr. Pieter Lukkes. It âlde, kapitalistyske Westen sit yn in nij tiidsgewricht. De rest fan de wrâld lit it him net mear oerkomme dat se berôve wurde. Nije lannen stekke ekonomysk de kop op. Wa’t in bytsje each hat foar de wrâld en de takomst, sjocht dat wy ús losmeitsje moatte fan de oanhâldende honger nei oalje.

Bertus Mulder

(Leeuwarder Courant, 21 juli 2014)