Grietje Troelstra-Landmeter

Op freed 18 maaie 2012 waard yn Stiens de grêfstien fan Grietje Troelstra-Landmeter ûntbleate oan de noardkant fan de Sint Vitustsjerke. Dy stien hat eartiids op it Stienzer hôf it lêste rêstplak fan de mem fan Piter Jelles dutsen. Doe’t it grêf romme is, bedarre de stien op de gemeentewerf, dêrnei yn de tún fan it Fryske Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en nei de fúzje fan Ryksargyf, PBF en FLMD op it terrein fan Tresoar oan de Ljouwerter Bûterhoeke. Tanksij de Monumintewacht fan Ljouwerteradiel is er no opkreaze en wer werom yn Stiens.

Grietje Troelstra-Landmeter is op 12 maaie 1871 útsukkele oan tbc. Piter Jelles, de âldste fan har bern, wie doe âlve jier en it ferlies fan syn men hat syn libben tekene. Yn it earste diel fan syn tinkskriften hat er fan har in tige ynnimmend portret jûn. Ek Grietje Landmeter hie op jonge leeftiid har mem ferlern oan de tarring.

Yn brieven oan har lettere man Jelle Troelstra skreau se dat se weemoedich waard fan de gedachte oan in betide dea, oan in te betide skieding. Dy eangst om jong te ferstjerren stelde him altiten op tusken harsels en har dreamen fan lok. Se wie net sterk. “Over het leven der van nature opgewekte jonge vrouw spreidde reeds vroeg haar vatbaarheid voor ziekte een schaduw”, skriuwt Piter Jelles Se socht help by in professor yn Amsterdam, hie faken lêst fan ’e kiel, en sa no en dan wie se sa slim siik dat se yn in krisis rekke.

Mar se hold de moed deryn. Se tilde harsels der boppe út, gie de striid oan oer de belidenis mei de Lemster tsjerkerie. Se wie sântjin doe’t se yn 1854 begûn te skriuwen mei Jelle Troelstra. Dat duorre oant se trouwe, yn maaie 1859. Net elkenien wie gelokkich mei dat houlik. Har heit hie oantrúne op útstel. De mem fan Jelle Troelstra woed dat ek, mar Jelle sette troch. Grietje gie it houlik oan. Se joech har lot oer oan de Hear, “de Bestuurder van ons lot in wiens hand ons leven en onze adem is”.

Tusken har trouwen op 8 maaie 1859 en stjerrren op 12 maaie 1871, sil se sân bern krije; Piter Jelles wie de âldste. Nei him komme fjouwer susters, Haukje, Tryntsje, Renschje en Hendrika, en dernei folgje noch twa jonges, Durk en Albert. Dat hat in geweldige oanslach op har sûnens west. En as wy ús dan ek noch foar de geast helje dat se yn dy tolve jier op syn minst seis kear ferhuzen, fan Feanwâlderstelwâl nei Koudum, nei Assen, om fia Ljouwert te bedarjen yn Stiens, dan moat Grietje Troelstra foaral wurch west hawwe. Dat skriuwt har soan ek.

Wy kinne Piter Jelles as Frysk dichter, as strider foar it algemien kiesrjocht, as oanfierder fan de sosjaal-demokrasy. Syn dichtwurk is ûnderdiel fan it kultureel erfskip fan Fryslân, mei sangen as ‘Eala Fria Fresena’, ‘It Roeiersliet’ en ‘Wolkom oan de silerstiid’. Doe’t ús heit en mem 35 jier troud wiene, songen wy ‘It âldershûs’(‘Troch seeën skaat en lannen, fier oan it Westerstrân’). As bern waarden wy troch ús mem yn sliep songen mei ‘Sliep sêft myn berntsje, ei slûmje sa swiet’. Wy songen lieten fan Piter Jelles, en wy stiene der net by stil. Yn syn gedichten spylje fleur en wille net swak by. ’t Jonge libben moat ris rûze’, sa hjit in gedicht:

Lit my mei de fammen djoeie
Boartsje, frije sûnder ein;
Lit my leavje, goed en rein,
Foar it moaie en wiere gloeie!

Syn leafdesgedichten binne boartlik. Bygelyks yn ‘Net bite’:

Wy hawwe smûk by inoar sitten
Oan de komst fan de sinne ta;
Ik hab it wol sjoen: men kin it
By dy wol noflik ha.
It kin ek wol wêze, dat ik
Mei koarten wer by dy kom;
Mar byt my net wer yn ’e lippen,
Dan sjochst my noait werom.

Mar der is ek dy ûndertoan fan earnst. Mei beskaat troch dat er sjoen hat dat it libben kwetsber is. De jonge Piter Jelles dichtet:

In sjonger bist! Witst wol, wat dat betsjut?
It leed fan hiel it minskdom silsto drage!
Fan dy it andert op de grutte frage:
Hoe minske goed, hoe ierde in himel wordt.”

De minsk rikt omheech nei it lok, mar grypt somtiden te heech, sa yn ‘Lok’:

Sa bisto, o lok. Wy skrippe om dy,
Wy hoopje op dy, ûnder lêst en lijen
En miene dy ienkear wol te krijen,
En ferjitt’ der it grêf foar ús fuotten by.

En falle dêryn!... Mar al wie dat sa net:
Al mocht it ienkear ús tabehearre,
Wy soene dat moaie lok bedjerre,
Lyk as ’t bern, dat in flinter in hannen het.

Piter Jelles wie de âldste fan in rige fan sân bern dy’t syn heit en syn mem krije. Hy moast, om’t syn men faak siik wie, op de lytskes passe. Dat klinkt troch yn it gedicht ‘It bern’. Dat klinkt sa:

As ’t syn earmkes om dyn hals het
En him sa te sliepen leit,
Fielst, dat ingels om dy wjukje,
Glânzjend yn har sillichheid.

Dêr is wille, dêr is sinne,
Wêr it bern ek komme mei;
Salang as der berntsjes binne,
Bliuwt der leafde en poëzij.

Hy skriuwt ek ‘Widzesankje, foar ús lytse Nynke’ en makket letter in prachtige oersetting fan in âld-kristlike tsjerkesang, dy’t er de titel ‘De mem mei ’t bern’ meijout. Mar der is ek dy oare kante. Hy moast syn mem yn 1871 misse. Syn jongste bruorke Albert wie twa moannen foar har dea te wrâld kommen en stoar nei in heal jier. Hat er oer de lytse Albert, of oer syn suster Tryntsje as er yn 1880 dichtet oer ‘Myn broerke’? Syn suster Tryntsje Albertine (Nynke) stjert op 9 juny 1880 as famke fan sechtjin – lyk as syn mem oan tbc.

Yn ‘In tsjerkhofblom’ sjocht er op de ferstoarne Nynke werom:

Het de wintertiid syn wille,
Ek it foarjier het syn leed;
Oer de teare, griene knopkes
Komt de froast soms, einleas wreed.

Yn it liet fan ’t opstien libben,
Dat sa bliid rust oer it gea,
Sjongt in flymjend skerpe stimme
Fan de kâlde, stomme dea.

Hin, de knopkes blinke en pronkje;
Fleur en libben is rûnom;
Mar ik skriem om dy, myn suster,
Jonge, bleke tsjerkhôfblom.

As Piter Jelles yn 1909 nei Stiens weromkomt, dichtet er ek oer syn mem. Yn it gedicht ‘Alde plakjes’ komme wy dizze strofen tsjin:

Dat oare hûs by’t tsjerkhôf,
Dêr is ús mem ferstoarn.
’k Wie fuort, mar hoe’t ik thúskaam,
Dat wit ik jit sa skoan.

De wein kaam oan fan Ljouwert;
Myn suster wachte my.
We seagen op elkoarren
Sa stiif, sa bleu, sa nij.

Der siet wat yn myn binnenst,
Sa swier, dat woe net wei;
Ik gyng mei har it hûs yn,
Dêr mem op ’t deabêd lei.

De keamerdoar stie iepen;
Ik koe myn heit dêr sjen,
De jongsten op ’e knibbels:
De widner mei syn bern.

Doe briek dat swiere yn my;
Ik snikk’re en gûlde sa
En foel ús heit oan ’t herte;
Hy helle my nei him ta.

Doe skruten nei de deade;
Dat wie in swiere gong;
De frjemde rook, it tsjuster,
Dat foar de blinen hong.

’t Waard ljochter – súntsjes skoff’len
De fuotten oer de flier;
Dêr lei de wite holle,
Sa kein, sa stil, sa blier.

Dêr wie, nei’t lange lijen,
De dea, de golle rêst;
De bleke mûle yn ’t swijen
Jit lústre: sa is ’t bêst…

Foarby, foarby dat alles,
Al hast in fjirtich jier;

En yn deselde snuorje, yn it gedicht ‘It Deadedoarp’:

Dêr is dy bleke deade, dy’t ik
Hjir sels op ’t tsjerkhôf bringe moast.

Hoe soe ’k dy swiere reis ferjitte,
Dat klokgebrom út d’ âlde toer,
Myn earme heit, dy ’k skriemend folge,
Mei sloppe knibbels ’t tsjerkhôf oer?

Hoe’t ik ek snikk’re by dy kûle –
Wat ik deryn brocht, ’k wist it net:
Earst letter, folle letter,
learde ’k Nei dy ferlangjen, memmehert!

No wit ik, dat dy leafdehonger,
Dy’t my sa fyt’re ’t libben troch,
Begûn is by dat stille grêf dêr,
Wêr ik ús mem my winken sjoch.

Sa jout Piter Jelles Troelstra yn 1909 de betsjutting oan fan it missen fan syn mem. Yn de Tinkskriften docht er dat op ’e nij. ‘In hare tegenwoordigheid had ik dat echte veilige gevoel, thuis en goed bewaard te zijn.’ ‘Dit is wel een droef chapiter in mijn jongensgeschiedenis. Wel had ik mij reeds menig maal voorgesteld, hoe diep mij het sterven mijner Moeder zou schokken. Maar dat ik mij dit ongeluk zóó diep, zóó langdurig en met zóó pijnlijke herinnering zou aantrekken … dat had ik nooit gedacht. Eerst veel, veel later zou ik tot de erkentenis komen, wat voor mij het verlies mijner Moeder heeft beteekend.’

Men kin noch in stap fierder gean. Piter Jelles en syn heit koene net mei-inoar oerwei. Hat Piter Jelles it syn heit kwea-ôf nommen dat er safolle bern krige? Yn de Tinkskriften skreau er oer syn bernejierren as in ‘tijd van volslagen gemis aan sexueele en andere hygiëne!’ Yn 1881 krije Jelle Troelstra en syn twadde frou Geartsje Rinsma in dochterke Nynke. Ek Geartsje Rinsma sil oan de tarring stjerre. Yn it gedicht ‘Mem oan lytse Nynke’ leze jo dat de jonge Piter Jelles hiel goed foar it ferstân hie wat it krijen fan bern betsjutte foar it libben fan de mem:

Kryt net, ynleaf berntsje,
Jou dy sêftkes dol;
Drink fan molke en wetter
Dy it bûkje fol.

Tate mei dy n’t barre
Want dy het hja net;
Mem joech dy har wêzen,
En mear kin hja net.

Want hja lei te hoastjen,
Al har krêft wie wei,
Joech hja al har libben,
Dy, leaf berntsje mei?

What makes Sammy run? Wat beweegde Piter Jelles? Hawwe wy hjir net de basis? De ‘Langst nei leafde’, de ‘leafdehonger, dy’t my sa fyt’re ’t libben troch?’ Makke dat net Piter Jelles ta de man dy’t wy dy’t wy hjoeddedei kinne? De man dy’t de Friezen wiisde op it belang fan de eigen taal, it Frysk, en de taalbeweging ferge op in konkreet program, dat oer de grinzen fan politike partijen hinne stipe wurde koe? De foaroanman fan de SDAP, de man fan de kiesrjochtbeweging yn Nederlân, de man dy’t wiisde op it belang fan de fakbeweging, de man dy’t komme woe ta ‘demokratyske machtsfoarming’ fan it arbeidersfolk dat ommers yn de 19de ieu net meitelde?

Der falt noch altiten foar rjocht te striden, foar it Frysk, mar ek foar fatsoenlik wurk, foar de kwaliteit fan de arbeid – it hat sels in nije aktualiteit krigen yn dizze tiid fan liberalisearring en fleksibilisearring, mei de opmars fan flekswurk en rjochteleaze ZZP-ers en it ôfskaffen fan rjochtsbeskerming fan wurknimmers.

Bertus Mulder